Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


Ik ha myn âlde fyts wer foar ’t ljocht helle, want dy hat in nofliker seal. Myn nijste fyts, dy mei de elektryske helpmotor, fytst dan wol oft it slydjaget, mar it seal is my wat te hurd en oan it wikseljen fan de sealen bin ik noch net ta kommen. In suertsje bin ik, ik wit it, ferskriklik bedoarn en fierstente maklik. Elektryske fyts? Heit soe it fan boppen ôf besjen, de wize âlde holle skodzje en op syn wolkje earne oars hinne driuwe. Ik tink dat er dan myn broer opsiket, oare kant it lân, dy fytst noch sûnder ûndersteuning. As er fytst.


Us heit wie ûnderhâldstimmerman by de gemeente It Hearrenfean. Hy gie op de fyts nei de wurkpleats yn de âlde Tsjerkestrjitte. Dat wie foar my miskien út it Wâld wei ek noch wol te dwaan, ien kear yn de wike of sa, by kostlik moai waar en de wyn yn ’e rêch. Heit fytste alle dagen troch waar en wyn, en dan middeis ek noch ris hinne en wer werom nei hûs foar de waarme ierappels en de sûpengroattenbrij. Deis wie dat dan tritich kilometer. Mei myn fynfielende kont moat ik der net oan tinke, alle dagen sa’n ein te fytsen. As ús heit-en-dy earne yn de gemeente in karwei hiene, giene se de lêste jierren mei in bestelweintsje, mar eartiids gie soks jierren oanien mei de bakfyts. Lêstendeis haw ik nochris twahûndert meter fytst op sa’n âlderwetsk kring. Foar my wie dat absolút net te dwaan. Alle spieren yn ’e ûnderein hawwe in pear dagen oerspand thús sitten. Sa’n bakfyts wie fansels makke fan duorsum swiere buizen en planken, hie krekt sokke grauwe bannen as myn Defenderke en dan lei er, as heit de gemeente yn moatst, ek noch fol mei ark en boumateriaal. En de gemeente It Hearrenfean strekt in ûnbidich ein it easten yn, omtrint oan Donkerbroek ta. Nei de skoalle yn Hoarnstersweach, dêr’t ús heit ek foar putsjes hinne moast, wie it inkelde reis tweintich kilometer. Earme heit hat dy beroerde bakfyts dêr geregeldwei hinne skood.


En dan it wurk. Seagje, beitelje, skave, timmerje, alles op hânkrêft. Wy, hjoeddeiske stumpers, wy hawwe inkeld ark mei batterij en oars sit der wol in snoer oan. Hoe soe ik eat yn de goedichheid dien krije moatte mei dat âlderwetske ark?


Ik ha it measte ark fan ús heit oerkrige, stik foar stik geweldige keunstwurkjes fan Nooitgedagt, mar om dêr in hûs mei te ferbouwen of in kast mei te meitsjen? Dan moat men in soad geduld ha en in protte tiid, wichtiger noch, ek in ambachtlike oplieding ta master yn it timmerjen. Heit, in man dy’t libbe neffens de regels en sa sekuer as de bank, slipe hiel deeglik sels syn beitels en seagen. Hout is der yn alle soarten en om it betûft te bewurkjen moatst materiaalkennis ha en jierren ûnderfining. Tsjintwurdich hast de moaiste plaat-materialen yn alderlei soarten en maten, mar foar ús heit wie it grûnmateriaal meastentiids inkeld rûge planken, board en asbest.


Och heden, in gat boarje gie eartiids mei in boaromslach: in soarte fan swingel mei oan ’e boppekant in rûn blokje hout. Dêr koest it skouder op sette. Oeral moast de spieren foar brûke, eins wie ús heit in topsporter. Wolris sa’n grutte rijskaaf brûkt? Moatst sa’n ding mei twa man tille, soest sizze, mar der sit echt mar ien hângreep oan. Us heit, oersterk moat er west hawwe en dochs wie er wie mar in behindich mantsje. Op syn sechstichste fytste er nei it wurk noch fan It Hearrenfean nei Langsweagen om ús te helpen it hûs te ferbouwen. Alles dat ik fan it timmerjen wit, haw ik fan him leard. Alles! Njoggenennjoggentich jier is er wurden. As ik lang genôch ompiel en geregeldwei trochfyts, seit in fûgeltsje my, moat ik dat ek helje kinne.