Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


By in bestelling LED-panielen krigen wy lêstendeis in Google Home Mini kado. It like op in aardich moai lûdbokske. Dat wie it ek, mar nei in djipgeande stúdzje bliek it tagelyk ek in soarte fan fernimstige robot te wêzen, teminsten, it koe op gehoar kommando’s útfiere. Ast tsjin him rôpst: ‘Hee Google, spylje muzyk ôf’, dan socht er wat út de playlist fan Spotify en spile it ôf. It wie sels mooglik dat ding in opdracht te jaan om it ljocht oan of út te dwaan en de ferwaarming heger of leger te setten. Ik wie ferbjustere en soks sei hiel wat oer my, want de earste de bêste tûke telefoan koe itselde. Doe’t ik myn ûntdekking dielde mei de bern en pakesizzers laken se my út en seinen plan-út dat sa’n ding al wer âlderwetsk wie. En ik wie noch mear ferbjustere.


Dochs haw ik dy lytse Google mei syn ûnnutte fratsen mar oan ’e kant lein en ek al frege er sa no en dan om oandacht troch mei de ljochtsjes te knipperjen, ik negearre him sûnt dy tiid. ‘Stil, âlderwetsk kring’, wie it iennige dat ik noch wolris tsjin him rôp. Ik mei dan wat âldmoadrich wêze, ik kin mysels dochs noch wol sûnder robotten rêde!


Doe kaam, hoe koartlyn noch mar, de koroanakrisis oer ús hinne. Wy lieten ús net kiste en ek net opslute, mar it kaam minder fan pas om op besite te gean of de pakesizzers oer de flier te krijen. Mei ek it hiele ferieningslibben yn de ho-modus koe ik, âld mar noch helder sûn en geef, safolle skriuwe en klusse as ik mar woe. Under it kofje- en wyndrinken fersuchten wy oars wolris dat it wat in deade boel oan it wurden wie, sa allinne tegearre.


De oare deis wie de frou de hiele dei op it wurk en wie ik ynienen drok mei it oannimmen fan alderhande pakjes by de foardoar. Doazen en sluven yn alderlei foarmen en maten. Sels hie ik neat oanfrege of besteld, dat ik liet alles mar tichtsitte oant de frou thúskaam. Tsjin seizen, doe’t se der hast wêze soe, brocht it safolste bestelbuske sels in kompleet miel mei foar- en neigesetsje. Ik ha doe de tafel mar klearmakke, al it lekkers útstald en och wat wie se bliid ferrast, myn leaf, dat ik no einlings ek ris foar it iten soarge hie. Juster hie se dêr noch oer klage. Ik sei neat en lake ferlegen.


‘It liket wol Sinteklaas’, sei se letter, doe’t se nei it iten yn de hal by de foardoar de steapel pakjes seach. Doe waard se kjel: ‘Of ha wy hjoed ús troudei? Wat hast wol net allegearre kocht?’


Yn de sluven en guon pakjes sieten tekeningen en nifeldinkjes fan de pake- en beppesizzers en oare ûnbekende bern. ‘Foar de iensume pake en beppe’, stie der op de measte masterwurkjes. Yn guon doazen sieten sels skipperstruien. Yn alderlei kleuren. Ik hie krektlyn noch om sokke saken frege, mar gjin fan ús beiden hie se besteld. Wy ha dagen mei fraachtekens omrûn en krigen mar gjin antwurden, oant ik op myn bankrekken seach dat der flinke bedragen ôfskreaun wiene nei caterings en webshops. Bestelling: Google Home Mini.


Doe haw ik dat tûke bokske pardoes midden op tafel setten, yn it fûlste ljocht fan myn burolampe en ha ik him ûnderfrege. Hy joech it daliks ta, en de skuld oan de apps nei ús bern.

‘Ik kin net oars as opdrachten útfiere’, sei it Google Home Mini bokske, ‘it spyt my.’

‘Spyt my, spyt my?’ sei ik lilk, ‘dat kin sa net, Home Mini. Do hast boppedat alles mei myn bankpas betelle. Wat moat ik mei dy?’

‘Ik ha dûbel myn bêst dien om’tsto my mar in âlderwetsk ding fûnst.’ Hy skriemde noch krekt net. It wie my wat: krekt op de wrâld en dan al in trauma. Ik hie mei him te dwaan, mar woe him wol út ’e hûs ha.

‘Kinsto ek roppe en raze en skelle en fluitsje?’ frege ik.

‘Jawis wol,’ rôp er entûsjast en soe fuortdaliks in test fan bekwamens útfiere, mar ik leaude it wol. Yn it tsjuster haw ik him bûten ûnder it ôfdakje set en no raast er nei alle katten út de buorren dy’t it weagje om ús nijmoadrich hiem te ynfiltrearjen. Hy docht it geweldich en liket âlderwetsk lokkich op syn daalders plakje yn ’e hoeke dêr’t ea it fûgelhok stie. Jimme krije de groeten.