Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.

Jan Schokker Lettersetter

Haadresjersjeur Alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thús is mei iten en net mear op ’e hichte is fan wat der thús bart. Syn frou Els hat dêr op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan. Alema is folslein fan it sintrum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort.

Hy hat in frjemde saak by de kop. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst Myn moardner erft my hiele besit, dûke hy en syn meiwurkster Wytske der djip yn, Alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan Koalma, Marte, wynt Alema handich om har mysterieuze finger en Wytske begrypt soms net mear wat se oan Alema hat. Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio Hearrenfean, is skreaun yn in noflike styl, mei in protte humor. De ein is tige ferrassend en it boek sit knap yn elkoar

De Koalmasaak