Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.

Jan Schokker Lettersetter

Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klub, in man dy’t net oeral like noflik lei. Der leit in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden.

De Bontebokker speurder krijt diskear immen fan justysje, Nanke Niesting, in âlde bekende fan Ale, tawiisd, om dit mystearje mei op te lossen. It jout it wurk suver wat romantyk, mar bringt ek betizing mei. En dan komt dochter Jelly ek noch mei hiel ûnferwacht nijs thús.

Dit is it fjirde boek oer ynspekteur Ale Alema. De boeken fan Jan Schokker binne tige populêr fanwege syn aparte humor, de fleur en faasje en de ferrassende ûntknopingen. Mei dit boek foeget Jan Schokker wer in meinimmend diel oan de rige ta.