Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


Jan Schokker Lettersetter

Smoke is gjin ferslaving, it is mear in softwareprobleem yn de harsens.

Al foar de ferbouwing fan ús wente wist ik dat ik myn wylde Havana-maten tige nedich hawwe soe foar it bekrêftigjen fan it boukundich tinkproses. Moarns betiid wie ik al op de bou en moast ik foar myn dwaan behoarlik skerp wêze, soks koe blykber net sûnder it hillich fjoer fan myn Kubaantsjes. Eins fûn ik it nuver dat it sa moast. Want, frege in lyts partsje fan myn harsens him ôf, wie iksels net de baas? Op de eftergrûn, of miskien wol op de foargrûn, ljurke it besef dat ik yn eigen wenning en foar eigen frou dizze lêste kear myn alderbêste wurk ôfleverje moast, en dat mei ambachtlike putsjes dêr’t ik net de measte ûnderfining yn hie.


Dat myn regyharsens it smoken talieten en wrachtsjes sels hjir en dêr oanmoedigen, koe lykwols ek te meitsjen hawwe mei it feit dat der op heger kwabnivo hurde ôfspraken leine om op ’e ein fan de bou fêst en foar ivich op te hâlden mei smoken. En blinders, binnen in wike nei de ferhuzerij wiene alle sigarekistkes en -blikjes skjin leech. De jassen, truien en shirts dy’t ik op de bou oan hie en aardich nei sigaar stonken, hie de frou mei nocht en wille weismiten. Inkeld in pear dagen haw ik in min sin hân. Inkeld in pear dagen haw ik wat neirochele en trochkochele, mar fierders bleau ik boppe Jan en net sa’n bytsje ek. Hoe koe soks? Wie ik net op de juste wize opholden? Moast ik dêr net mei nei de spesjalist?


Ik wie wolris earder definityf opholden mei smoken. Ien kear sels sân ferskriklike jierren lang. Meters swiethout haw ik doe weikôge, kisten fol Ikea-potleaden opfretten en bytiden wie ik swier depressyf, mar no? Neat! “Hast werklik wol smookt”, frege djip fan binnen in gekoanstekkerich fûgeltsje, “miskien wol gewoan de Havanna’s opfretten? Woesto stoer dwaan? Meidwaan mei de echte manlju?”


Ik wol mar sizze, myn relatyf noflik ophâlden fan smoken is net it polityk korrekte byld fan it lot fan ferslaafden. “Ast no wer begjinst te smoken”, pipe it fûgeltsje, “kinst dan krekt wer sa maklik ophâlde?” “Jawis ju, ik smook net oer de longen, ik smook oer de harsens! Dêr leit it ferskil!”


“Soe it mei drank dan net oars wêze?” flústere it fûgeltsje. No drink ik fansels lang net sa bot as ik smookte, mar soms nim ik fjouwer, fiif, seis dagen yn de wike ien, twa, trije lytse drankjes en dêr soe ik eins mei ophâlde moatte. Dat kin samar, soene je sizze, mei dyn bjusterbaarlike koalenmynkanarje yn it djipst fan dyn siel. Ja mar, ja mar, miskien betinkt dan myn ferstân dat ik mei it libben ophâlde wol. Fan hoe kriget er it yn de harsens, litte wy dizze kear it hert mar ris útsette. En dat myn kanarje him dan wolris stilhâlde soe.