Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


De KPN-monteur soe tusken acht en tsien oere lânskomme, mar om healwei tsienen hinne begûn it my wat yn te brânen en wie ik al in pear kear nei de dyk ta rûn. Net dat ik gjin fidúsje ha yn de KPN, hielendal net. It is in tige fertroud en deeglik bedriuw, altyd korrekt oan de telefoan en se geane in hiel ein mei yn de service. Teminsten de lêste jierren. Dat ik sa yn ’e pine siet kaam troch myn eigen flater. By it oanmelden foar in abonnemint op ús nij adres hie ik in ferkeard húsnummer ynfolle, 16 ynstee fan 21. De besoarger fan de doaze mei allegearre bakjes foar de ynstallaasjes dy’t foarút stjoerd wie, hie him ek op it ferkearde adres oantsjinne. Krekt foar tsienen rattele myn mobyltsje.

‘Mei Klaas Krist fan de KPN. Ik stean by jo foar de tichte doar, is der wol immen thús?’

‘Jawis en de kofje stiet klear!’

‘O ja? Ik ha oars al in pear kear oanbelle.’


Ik rûn nei de foardoar. Der wie gjin KPN’er te sjen, mar fierderop de dyk stie in blau-grien mantsje te wiuwen neist in blau-grien autootsje.

‘Ik sjoch it al, kom der oan,’ sei er yn it bakje. De man seach der net út. Krekt in fuotballer, oeral reklame fan de KPN, sels op de broek. Alles yn de firmakleuren, útsein it grut bosk griis hier. Doe’t ik him dêrop wiisde moast er laitsje.

‘Ja, lekker griis net? Ik kin der hast út, noch in pear klanten oanslute en dan ha ik myn fierder libben moai de eigen gewoane klean wer oan.’

Dat bart my de lêste tiid wol faker. Oeral tref ik faklju oan dy’t yn de lêste moannen fan in lang en wurksum libben sitte. Allegearre om ende by de seisensechtich. Dat kin blinders noch wat wurde, in jier of trije fierder en der is gjin ding mear dat it noch docht.

‘Ik moat earst de saak belje, want it is fansels flink yn de war mei jo oansluting.’ It duorre tiden ear’t er ferbining hie mei syn kollega’s, net oars as dat wy gewoane stjerlingen mei de KPN belje. Yn alle gefallen koe er ûnderwilens moai fertelle oer de kommende ynfolling fan syn frije tiid.

‘De frou en ik, wy sille wat faker op reis, by ús soan sil ik te karweikjen, by ús dochter te mitseljen. Ik sil jo sizze, ik ha der sels in kursus foar folge, want it sil my net oerkomme dat ik aanst thús neist de frou sit te niksdwaan.’

Wat tige werkenber. Lokkich hie ik no noch in grut projekt ûnder hannen, mar ik makke my dêr ek wolris soargen oer. Ik skytskoarje der gewoan wat tsjinoan as dizze ferbouwing foarby is. Miskien moat ik it mar wat rekke.


Nei in kertier hie de monteur einlings ferbining en wist er wat er dwaan moast. No ja, hy koe eins neat dwaan.

‘Administratyf moat dit fan nijs ôf oan wer yn gong set wurde. Jo krije meikoarten berjocht. As it goed giet.’

By de foardoar bleau er stean, draaide him om en sette syn wiisfinger op de foarholle.

‘Oe jee. Ik moat earst wer belje. Yn de sintrale ha ik nûmer sechstjin ôfsletten, meidat dêr in dûbele oansluting komme moast. No hawwe dy minsken jûn gjin telefoan én gjin telefyzje.’ Hy stapte dochs de doar mar út.

‘Ik belje yn de auto wol. Jo sille op it lêst ek noch wol wat te dwaan hawwe. It wurdt echt tiid om derút, ik begjin flaters te meitsjen,’ sei er doe’t er my by it fuortgean de hân joech.