Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


Jan Schokker Lettersetter

In hurde of in sêfte Brexit, de Ingelsken witte wier net wêr’t en hoe’t se harren waarm nêst bouwe moatte. It binne krekt dowen. No’t it heve sil, is der in soad ûnmacht en kâlde drokte fan koeren en fladderjen. Yn harren sjike grize fearrepakjes lykje dowen grutske fûgels, mar net folle letter sitte se as ferdwaasd midden op de dyk en kinst yn ’e remmen. Wolris sjoen hoe’t houtdowen nêsten meitsje? Se litte wat takjes yn de beam falle as gewoan op in plat dak, produsearje dan in pear aaien en sette har dêrnei ûnferskillich ta brieden. It neiteam is lykwols lyts, want de aaien rôlje der samar út of it hiele spultsje falt mei yn bytsje wyn út de beammen.


Wy sitte yn Dartford, ûnder Londen. Fanwegen it standbouwen yn it ExCel Exhibition Centre yn Londen is dat in goede útfalsbasis en sa kinne wy moai de sfear priuwe fan in lân yn djippe krisis. Dartford hat sa’n 57.000 ynwenners en in protte winkels, mar it sjocht der allegearre fertutearze út. Suterich yn de ferve, datearre reklame-buorden, stikkene kezinen, lege winkels en in soad minsken misfoarme troch McDonalds. En dan de rommel: oeral peuken, blikjes, plestik pûden, gers yn de goaten en plat trape kaugom. Mar it oanfeien, opromjen, skjinmeitsjen en wat fervjen sil wol mear in kwestje fan mentaliteit wêze as in teken fan politike malêze.


Wat is der mei dit folk? Wy rinne in pub yn en kinne noch krekt wat bestelle. Om acht oere slute se al; dy lju krije harren nachtrêst wol. Wy bestelle in Ingelsk bier, in reade wyn en wat iten. It is sa goedkeap net as yn Dútslân, mar it is goed. Fierderop, by The Royal Oak, wurde wy oansprutsen troch in flotte stamgast dy’t efkes in peuk opstekt. “Ah, Dutchmen.” Hy hat noch yn Nimwegen en yn Dútslân by Kalkar wurke en fan him moatte wy efkes mei, dy pub ek yn. Sa geweldich as de man it foarstelt is it dêr net, mar in do hat no ien kear in oare smaak as in protter. It is gesellich drok mei locals, op trije telefyzjeskerms is Ingelsk fuotbaljen en dat is in moaie ferdivedaasje. In petear oer polityk sit der net yn, dizze jûn. De mânske Ingelske Guinness liket dea, sa delslein en útblust as in Ingelske do, mar smakket krêftich. As ik letter bûten wat ûnwis de pub nochris oersjoch spring ik hastich de stoepe op, oars ride se my ek samar noch fan ’e sokken.


It falt net ta om mei de grouwe Opel Movanobus, dêr’t wy de stand en alle materialen fan de klant yn ferfiere, by de hal fan de CleaningShow te kommen. Earst yn de rigel stean foar in opboukaart en allegear papieren ynfolje, dan wachtsje oant der romte is by de hal, dêrnei útlade, bus fuortbringe en twa kilometer weromrinne. Letter nochris dy omslachtige proseduere om it ark en de ferpakking wer yn te laden en krekt deselde formulieren yn te foljen as ik earder op ynternet ek al dien ha. Foar de klant is it in hiele toer om op in Britske beurs te stean. Moatst in hiele site troch mei allegear pdf’s oer safety-rûles, mei wa’tst en hoe’tsto opbouwe silst, oer it ark, ljedders, ferbândoazen, bouhelms, safety-skuon en giele heskes. Yn ús lân, Dútslân en sels by de topburokraten, de Frânske beursorganisatoaren, is it folle effisjinter. Ik bin in foarstanner fan in grutte, sterke en slachfeardige Europeeske Uny mei in mienskiplike munt en sûnder fratsen oan grinzen.


De grize moaie dowen hjir yn Ingelân moatte wol de útfiners wêze fan de trochsleine formuliere-binde. Se litte oeral tûkjes falle en notearje dan yn fjouwerfâld wêr’t en hoe’t dy tûkjes falle. En mar koere en fladderje. As dy Ingelske dowen no earst de eigen papierboel ris opbrâne en harren tille opromje, dan nim ik by it standbouwen takomme kear foar harren nêst wol in fredestûkje mei. Wy moatte harre mar yn leafde oanhelje, want úteinlik binne it fan oarsprong ek Friezen, allinne noch wat grutsker as wy.


Och, it is gjin ferkeard folkje.