Yn Bontebok is de trijeenfyftich jierrige haadresjersjeur Ale Alema moarns foar sânen al drok. It wenninkje, in lyts spultsje sa't der yn dizze omkriten mear fan stean, stiet oan ‘e feart en leit moarns yn it skaad fan twa grutte kastanjebeammen. Ale Alema hat in fêst patroan fan hannelings yn ‘e betide moarn. Earst de twa Fryske hynders nei it lân bringe en wetter út de sleat yn de drinkbak mingelje. Fretten foar it skiep klearsette en de trije keallen boarne. Dan de earmtakken op ‘e hikke, in swier sjekje draaie en in fiif minúten oer it lân fan Bontebok en Jonkerslân sjen. ‘Brandaris yoga’ neamt Ale dit. Fiif minuten genietsje fan de natuer en it útsicht op it moaie readbûnte fee fan buorman Fedde. Even it waar priuwe, in pear minuten allinne mar sjen, allinne mar fiele en net te djip neitinke. Gewoanwei is Ale dan fierder klear foar in hiele dei yn de hektyk fan it polysjewurk. Mar hjoed is der gjin balâns. Hy sil in hântekening sette en dat moat dan in streek sette ûnder in skieding dy‘t Ale net wol.

Op ‘e weromwei fan it lân nei hûs ferjit hy de aaien te heljen by de Fryske hintsjes en de blau-grize stabij Abe moat it dizze dei ek sûnder brokken dwaan.


De garaazje bouwe wy om nei in bykeuken en dêrtroch wie de elektryske garaazjedoar oerstallich. Koene wy der noch immen bliid mei meitsje? Omfreegjen by famylje en kunde levere neat op. Gjinien hie plannen foar in garaazje. Elkenien hat tsjintwurdich de auto bûten stean. Dat seit wat oer it minskdom, mar ek oer de kwaliteit fan it hjoeddeistich blik. Tritich jier lyn begûn in auto al te rustkjen nei de earste reindrippen ast krekt de nije auto by de dealer ophelle hiest. Foaral Italiaanske en Frânske auto’s hiene fan dat tinne papierblik. It is wier in wûnder dat der noch fan dy âlde barrels omride.


De ôfwaging wie doe: nei it stoart mei de garaazjedoar of dat kring op Marktplaats sette. Mar Marktplaats? Dêr hiene wy gjin goeie ûnderfining mei. Potinsjele keapers kamen de ôfspraken net nei, of tingen ôf op bedraggen dy’t al bespotlik leech wiene. It is oars wol in pracht fan in ynstelling om âld guod wer te brûken, mar oft it werklik goed is foar it miljeu, freegje ik my fakentiids ôf. Foar in oankeap foar in pear euro brûze se it hiele lân troch. Mar ja, sa komme jo nochris earne. Wy ha ris in ‘Marktplaatsdei’ holden. In widze út Wageningen helle, buro út in doarpke op de Feluwe, boartersguod by in adres yn Vinkenveen, in prachtkiste út Alkmaar en in kwadrofoanyske Pioneerset út Den Helder wei. Geweldich, sa’n dei! Moaie minsken moete en noch moaiere omkriten fan Nederlân sjoen.


No ja, gewoan marris besykje op Marktplaats. Al gau kamen der wat fragen oer de maten (dy’t der wol by stiene), âldens, merk, kleur (der siet in foto by) en wat dinkjes oer de montaazje. In Rik út earnewei like tige serieus. Hy melde fuortdaliks dat er de frege priis fan 150 euro wol betelje woe. Soks jout in begjin fan fertrouen. Fierders woe er sels by it demontearjen wêze. Sjoch, dat wie nochris in tûke keardel. It útinoarheljen bestiet dan wol út deselde hannelingen as oarsom, mar it moat wol krekt yn de goede folchoarder. Boppedat, it meganisme foar it soepel omheech heljen wurket mei tsjokke fearren, en dan komt it derop oan. Ik hie it diel fan de motor en ien kant fan it binnenwurk al fuorthelle. Gjin probleem, mailde de man. Hy soe sjen om in karre en woe de sneons dêrop om healwei tsienen lânskomme.


De hiele wike krige ik noch mails mei fragen fan oare gadingmakkers foar de garaazjedoar, mar ja, ik hie in keaper, ek al hie ik fan rjochten noch net de fidúsje. Ik moast elkenien fertelle dat de doar ferkocht wie. Mar wie dat ek sa?


Sneontemoarns om healwei tsienen gjin Rik en dan begjint de argewaasje. Tsien minuten letter noch gjin Rik. En hy like sa serieus. Doe tingele de app. Rik: ‘Ben iets later, want ik neem een collega mee.’


It demontearjen gie o sa soepel, mar by it nei de karre tôgjen stroffele ik. De midden fan in doarpaniel kletste skean tsjin de skerpe hoeke fan in steapel stiennen, mei as gefolch in knik en in djippe kras. Sneu, mar Rik en syn maat binne nei de kofje wol moai sûnder doar wer ôfset. En wy hiene by de kofje noch in stik gebak hawwe sillen. Krige fan de dealer om’t wy de deis dêrfoar in kreaze auto kocht hiene. Ja, om bûten te setten.


It gebak foar de manlju hawwe wy útsparre foar doe’t de frou en ik wer werom kamen fan it stoart.